Wy brûke cookies - dy helpe ús om dy in bettere online erfaring te jaan.
Troch ús webside te brûken giest dermei akkoard dat wy cookies op dyn apparaat opslaan en útlêze kinne.

 

Fuotbalmanagemintspul

Managemintspullen binne in type spul wêryn'st de rol spilest fan in manager fan in sportploech. Do kinst in fuotbalmanager wurde, of in basketbalmanager - der binne in protte ferskillende sporten beskikber, mar fuotbal is de meast populêre.

It favorite online managemintspul fan de wrâld

It meast populêre fuotbalmanagemintspul dat der is, is Hattrick. Wy ha hûnderttûzenen aktive minsklike managers.

In Hattrick treedst op as eigner en manager fan dyn eigen fuotbalploech. Dit betsjut datsto alle belangryke beslissings nimst oer trening, skouting, aksje op de oerstapmerk - en fansels de taktyske beslissings foar en tidens dyn wedstriden. It doel is om dyn klup en ploech op te bouwen, de tsjinstân te ferslaan, en omheech te klimmen yn in kompetysjesysteem wêryn alle oare ploegen ek troch minsken beheard wurde.

Hattrick is altyd fergees te spyljen

Hattrick is in fergees managemintspul. It sil dy nea jild koste om dyn ploech te begjinnen of behâlden, en wy sille dy nea kosten berekkenje foar foardiel yn it spul. It is wol mooglik om dyn tagong op te wurdearjen troch in Hattrick Supporter te wurden, dat jout dy ekstra ark foar analyse, om dyn ploech oan te passen en om te gean mei oare managers.
 
Server 071